Nieuwe Prinsengracht 89  1018 VR  Amsterdam   020 623 05 66  info@lezen.nl Stichting Lezen op Twitter Stichting Lezen op FacebookNieuwsbrief         Frysk  English  Contact  Login

Stichting Lezen

Wat docht Stichting Lezen?

Stichting Lezen stimulearret de nocht oan lêzen. Sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk. Stichting Lezen advisearret it ministearje fan OCenW oer it lêsbefoarderingsbelied yn Nederlân. Hja docht dat ûnder oaren troch lêsbefoarderingsprojekten ynhâldlik en finansjeel te stypjen. Dêrnjonken stimt de stifting besteande aktiviteiten op it mêd fan lsbefoardering opinoar ôf en begelaat se it ûntwikkeljen fan nije metodiken. Boppedat nimt Stichting Lezen de foarstap ta ûndersyk op it mêd fan lêzen en stimulearret dat.

 

Gearwurking

Stichting Lezen bringt gearwurking ta stân tusken organisaasjes en ynstellings dy't harren mei lêsbefoardering dwaande hâlde. Sadwaande ûntsteane netwurken op lokaal, regionaal en nasjonaal nivo. Stichting Lezen ûnderhâldt net allinnich kontakten mei boekferkeapers, bibleteken en útjouwers, mar ek mei universiteiten, (non)profitorganisaasjes, ûnderwiisynstellings en omroppen. Hja wurket ek gear mei provinsjes en gemeentlike oerheden.

 

Projektbelied

Sûnt 1994 advisearret Stichting Lezen de minister fan OCenW oer hoe't it lêzen yn Nederlân stimulearre wurde kin. Dat bart troch advys út te bringen oer it besteegjen fan it ryksbudzjet foar lêsbefoardering. Boppedat stipet Stichting Lezen lytsere projekten út it eigen Fonds Leesbevordering wei.

 

Ynformaasjesintrum

Stichting Lezen docht tagelyk tsjinst as lanlik ynformaasjesintrum. Wa't spesifike fragen oer lêsbefoardering hat, kin ferwiisd wurde nei beskikbere literatuer of de goede ynstânsjes. Dêrnjonken organisearret Stichting Lezen kampanjes om it lêzen ûnder de oandacht fan in breed publyk te bringen.

 

Oer Stichting Stichting: belied, algemien

Kânsen 

Lêsbefoardering freget in trochtochte strategy, rjochte op skoalle en gesin en in goede gearwurking tusken beide. Bern en jongerein, harren âlden en opfieders, moatte benammen berikt wurde fia strukturele maatregels. Nije lêsmetodiken en lêspromoasje mei kampanjes dêr't de massamedia by ynskeakele wurde, spylje dêrby in grutte rol.

Bedrigings

Guon ûntwikkelings foarmje in bedriging foar it lêzen. As foarm fan frijetiidsbesteging komt lêzen yn 'e knipe troch de tiid dy't oan bygelyks tillevyzjesjen en sport bestege wurdt. Yn in protte gesinnen sjogge âlden it nut fan lêzen net. De lêsomjouwing op skoalle wurdt ek bedrige. Foarlêzen, frij lêzen en begripend lêzen krije te min omtinken.

Beliedsplan 2013-2016

It beliedsplan fan Stichting Lezen kin ynsjoen wurde vanaf dizze site.

 

Contactpersoon bij Stichting Lezen: 
Coördinator kennis en beleidsontwikkeling en interne zaken